De earste stap by it opstarten fan in letselskea begjint by it fêststellen fan de oarsaak.
Dy oarsaak of oarsaken is/binne beskiedend foar it fêststellen fan de oanspraaklikens.
Pas wanneart oanspraaklikens fêststeld is, kin de letselskea ferhelle wurde op de oanspraaklike partij of syn fersekerder.
Ferskate oarsaken fan letselskea
Fanwegen de oarsaak fan jo skea is it belangryk dat jo in saakkundige ynskeakelje foar it ferheljen fan jo skea. Want de gefolgen fan letselskea kinne grut wêze, ek finansjeel. Letsel kinne jo oprinne troch ferskate oarsaken, wêrby ’t jo tinke kinne oan
- Ferkearsûngefallen
Yn it ferkear kinne jo by in ferkearsûngelok belutsen reitsje as automobilist of fytser, mar ek op de brommer of scooter en as fuotgonger. As jo dêr sels gjin skuld oan hawwe, kinne jo (de fersekerder fan) de tsjinpartij oanspraaklik stelle. Fytser en fuotgongers wurde sjoen as kwetsbere ferkearsdielnimmers en hawwe yn in soad situaasjes rjocht op in skeafergooeding ek al binne se neffens de wet skuldich.
- Arbeidsomstannichheden
Feilige arbeidsomstannichheden binne geunstich foar sawol wurknimmers as wurkjouwers. Soks draacht by oan minder kosten foar syktefersom en arbeidsûngeskiktens.
- Bedriwusûngelokken
In wurkjouwer moat syn wurknimmers sa goed mooglik tsjin alle mooglike risiko’s beskermje. Docht er dat net en reitsje jo ûnder jo wurk ferwûne, dan kinne jo rjocht hawwe op skeafergoeding.
- Medyske flaters
In medyske flater kin feroarsake wurde troch in dokter, toskedokter, húsdokter of oare soarchferliner dy’t ferwytber ûnsoarchfâldich hannele hat.
- Undeugdlik produkten
De produsint fan it einprodukt is oanspraaklik foar skea dy’t ûntstiet troch it gebrek fan in produkt dat op de merk brocht is.
- Letsel troch bisten
De eigener fan in bist is yn begjinsel oanspraaklik foar de skea dy’t trocht it bist oanrjochte wurdt. Ek letsel as gefolch fan in byt of in trep falt dêr ûnder.
Oanspraaklikens by oarsaken letselskea
Gewoanwei moat ûndersyk plakfine om te sjen oft ien wier oanspraaklik is foar jo letsel.
By fêststelde oanspraaklikheid wurdt jo skea dêrnei ferhelle op dy oanspraaklike partij. Dat jildt net allinnich foar de materiële skea (lykas stikkene klean, ferlies oan ynkomsten, kosten húshâldlike help ensfh.), mar ek foar ymmateriële skea. De kosten fan ús tsjinstferliening (de kosten fan de rjochtsbystân) ferhelje wy ek. De oanspraaklike partij moat nammentlik ek de kosten fan rjochtsbystân fergoedzje. Us help kostet jo dêrtroch yn prinsipe neat. En dat is wol sa earlik. Ottenskot Letselskea besiket jo yn ’e regel thús om jo skea te ynventarisearjen. Ofwikkeling fan jo skea bart altyd yn goed oerlis mei jo. Sa witte jo wêr’t jo oan ta binne en komme jo net foar ferrassingen te stean. Lês mear oer ús wurkwize.
Nim kontakt mei ús op
Wolle jo mear ynformaasje of wolle jo witte wat wy foar jo betsjutte kinne? Nim rêstich kontakt mei ús op foar fergees advys! Belje ús ûnder kantoaroeren op nûmer 085 48 42 100 of folje ús kontaktformulier yn.