Grytsje van den Bergs (1986)
As bern koe ik al min oer ûnrjochtfeardigens. Doe’t it tiid wie om in stúdzjekar te meitsjen keas ik dan ek foar Management, Economie en Recht mei as ôfstudearrjochting Rechten.Nei it beheljen fan myn Bachelor of Laws bin ik de “fersekeringswrâld” ynrôle. Nei twa baantsjes fia it útstjoerburo by Achmea Rjochtsbystân en FBTO kaam ik úteinlik terjochte by ANWB rjochtsbystân. Hjir waard myn ynteresse foar it letselskeafak, trochdat ik in dei meirûn mei in skea ekspert, wekker makke. Alles kaam dêryn gear foar my; it juridyske, it finansjele, it organisatoaryske, mar boppe-al ek it minsklike aspekt.
Hast in desennium lang haw ik by de ANWB rjochtsbystân wurke. In learsume perioade dêr’t ik in soad kennis yn opdien haw oangeande oanspraaklikens en ek al myn earste opliedingen ta NIVRE-register ekspert folge ha. Dy ûnderfiningen komme my noch altyd goed fan pas, want ommers pas as de oanspraaklikheid erkend is kin de folgjende stap set wurde foar it feitlik ferheljen fan de skea.
Foar in fierdere ferdjipping yn it letselskeafak haw ik begjin 2019 de oerstap makke nei in letselskea kantoar. Dêr haw ik twa en in heal jier mei in soad wille wurke, ûnderfining opdien en kennis garre fan tige betûfte kollega’s. Ik gie ek mei ûnfermindere troch mei it folgjen fan fakrjochte opliedingen.
Sûnt de hjerst fan 2021 bin ik wurksum foar Ottenschot en sûnt febrewaris ’22 stean ik ynskreaun as NIVRE-re. By Ottenschot fiel ik my hielendal op myn plak. Belutsenens, saakkundigens en trochtaastendheid steane hjir heech yn it findel. As slachtoffer binne jo by ús gjin dossier of in nûmer, mar in persoan dy’t sintraal stiet. By de behanneling fan it dossier harkje ik graach nei jo winsken, behoeften en ferwachtingen en tink ik mei yn (kreative) oplossingen. Nei in ûngemak hawwe jo as slachtoffer ommers faak in soad fragen en soargen, mar moatte jo jo ek rjochtsje kinne op herstel fan it letsel dat oprûn is. Oan it medysk werstel kin ik net bydrage, mar wol yn it ûntlêsten fan de (finansjele) soargen.
Neist myn wurk by Ottenschot bring ik in soad tiid troch mei myn húshâlding, besteand út myn man Simon en ús dochters. As mem fan twa fleurige en ondernimmende dochters ferfeel ik my perfoarst net. Dêrneist bin ik graach sportyf dwaande. Nei jierren kuorballe te hawwen doch ik no allegear ferskillende sporten lykas suppe, swimme, racefytse, snowboarden en soms smyt ik noch in baltsje mei op it kuorbalfjild. Ik mei my ek lokkich priizgje mei in soad leave freonen en famyljeleden, dêr’t ik geregeld mei ôfpraat.