Gewond door een ongeval? Ottenschot helpt u bij letselschade

Letselskea

As jo troch tadwaan fan in oar ferwûne reitsje of siik wurde hawwe jo letselskea. Der binne ferskate oarsaken oan te wizen; faak in ferkearsûngelok, mar it kin bygelyks ek in medyske flater of bedriuwsûngelok wêze. Jo kinne op ferskate wizen skea lije. Miskien kinne jo jo wurk of húshâlden (tydlik) net dwaan. Of slimmer: jo reitsje jo baan kwyt, misse in kâns op in fêste oanstelling of jo krije in flinke rekken om’to soarchfersekerder de kosten net fergoedet.

De gefolgen fan letselskea

Letselskea is de lichaamlike en/of geastlike skea der’t jo fan te lijen hawwe nei oanlieding fan in ûngelok. It letsel kin fan alles wêze; dúdlik sichtber letsel lykas in brutsen earm of foet mar ek minder dúdlike, mar wol serieuze klachten lykas rêchklachten, rsi en whiplash of yn it slimste gefal ferstjerringskea. Neist lichaamlik letsel kin der ek sprake wêze fan geastlik letsel; tink hjirby oan emosjonele en psychyske skea. Ek dêrfoar kinne jo jo kosten ferhelje.

De skea kin bestean út ferskate skeaposten en is foar elkenien ferskillend. Soms hat it slachtoffer bliuwende skea oprûn, dan wer is it letsel gau wersteld en kin ien syn of har normale libben wer oppakke. De hichte fan de skeafergoeding wurdt bepaald troch nei te gean wat jo allegear net mear of no minder kinne.

y gefolgen wurde ûnderferdield nei materiële en ymmateriële skea. Foarbylden fan materiële skea binne bygelyks medyske kosten, ekstra kosten foar persoanlike fersoarging, oanpassingen oan wenning of auto, minder ynkomsten en kosten foar it ferheljen fan de skea. Ymmateriële skea wurdt ek wol smertejild neamd. Hjir falle gefolgen as pine en ûngemak troch it ûngelok ûnder en bliuwende lichaamlike en psychyske klachten en beheiningen.

Letselskea

Letselskea en de wet

Yn ’e wet is regele dat wanneart immen jo skea tabringt, jo rjocht hat op in fergoeding. Ofhinklik fan de aard fan it letsel fariearret dy. Soms duorret it even foardat dúdlik is oft letsel foarbygeand of bliuwend is. Sa gau’t dy dúdlikheid der is, is it mooglik om de finansjele gefolgen realistysk yn kaart te bringen.

Ottenschot letselskea helpt jo

Ottenschot helpt jo jo skea, materieel en ymmaterieel (smertejild), te ferheljen op dejinge dy’t derfoar oanspraaklik is. De kosten foar dizze bystân binne in apart ûnderdiel fan de troch jo ûnderfine skea en komme foar rekken fan de oanspraaklike partij; meastal de fersekeringsmaatskippij fan de feroarsaker. En dat is in noflike gedachte. Wy komme graach by jo oan hûs, mar ek is it mooglik om ôf te sprekken yn Almelo, Amersfoort & Easterwâlde. Lês mear oer ús wurkwize.

Nim kontakt mei ús op

Wolle jo mear ynformaasje of wolle jo witte wat wy foar jo betsjutte kinne? Nim rêstich kontakt mei ús op foar fergees advys! Wy binne fêstige yn Almelo, Amersfoort & Easterwâlde. Belje ús ûnder kantoaroeren op nûmer 085 48 42 100 of folje ús kontaktformulier yn.

Stel uw vraag




    Wilt u teruggebeld worden?


    Reactie binnen 1 werkdag.

    Claim indienen - Kosteloos adviesgesprek

    Ottenschot

    Uw rechtshulp bij letselschade

    • Kosteloos
    • Afspraak op locatie
    • Persoonlijke aandacht

    Uw schaderegelaar

    Wij regelen voor u de maximaal mogelijke schadevergoeding! Lees meer over onze werkwijze.

    Top icon-angle icon-bars icon-times

    Ottenschot Letselschade